Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 161004
In goed wike nei thúskomst
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
16-01-2007

Tiisdei 15 jannewaris 2007

 

 

Om ús tradysje yn stân te hâlden (in ôfslutend ferhaal nei in lange reis) bin ik it paad nei de kompjûter noch mar ris ynslein. Ik moat earlik sizze, it is al wat nuver om no de deistige gong fan saken te beskriuwen fan út de Concordiastrjitte. De belibbenissen dy't wy hjir hawwe lykje ynienen sa gewoan en net it beskriuwen weardich. Dochs in koart ferslach fan de ôfrûne wike.

 

Lêste Fernijing ( 27-06-2007 )
Lês mear...
De weromreis Lilongwe-Nairobi-Amsterdam-Snits-Grins
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
10-01-2007

Sneon en snein 6 en 7 jannewaris 2007

Wy hienen al wat sliep nedich hân, mar eins stie it hurde bêd ús wat yn it paad. No lizze wy thús ek net mei de billen op de grûn kwa bêd, mar dit gong wol wat al te mâl. Ik ferwachte fan ‘e moarn by it optillen fan it ûnderlekken dan ek in tin matraske op in hurde planke te finen, mar neat wie minder wier. In matras sa dik as wat en net te huffen. In goede kwaliteit dus, mar net makke foar ús Fryske rêgen.

Lês mear...
Lilongwe, freed 5 jannewaris 2007
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
10-01-2007

Hjoed is eins in opstart foar ús weromreis nei Nederlân. Wy moatte wer yn Lilongwe sjen te kommen om fan dêrút op it fleantúch te stappen. Ek hjoed wienen wy der net al te let by. De taken wienen goed ferdield, dat wol sizze dat ik meastentiids it moarnsiten klearmeitsje en Wiebren soarget dat hy opstart. Sa ek ús auto, dy't ferwûnderlik it yn ien kear die. No ja, wy hienen juster de boel al wol wat oandraaid, dus echt út himsels wie it net.

Lês mear...
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Oare > Lêste >>

Útslagen 1 - 4 fan de 121