|
Fan ‘e moarn wie it moai dat Wiebren sa betiid wekker wie, want no koe er moai de knop fan it waarme wetter omsette. Ja, dit hie de beste man justerjûn ynspektearre en wy hienen dus hjoed it foarútsicht op in waarme dûs. Doe't wy doe in oere letter wer yn ús neken yn de grot stienen, die bliken dat der wer stienkâld wetterút de kraan kaam. Mis fansels. It lange wachtsjen op it iten en de kâlde dûs letter op de jûn wienen noch net ferjitten troch Wiebren, dat dizze strûpte de klean wer oan en draafde nei bûten om nei de resepsje. Ik moast yn de badjas der mar efteroan. De man by de resepsje seach al wat nuver op, mar stelde foar om nei in oare keamer ta om dêr te dûsen. Hy nei binnen ta en it wetter fan de dûs fiele. Ek kâld, dat de man bleau mar yn de dûs stean. Yn de tuskentiid stienen wy bûten te wachtsjen. It duorre en duorre mar en nei tsien minuten hie Wiebren wer syn nocht en binne wy mar nei ús eigen keamer werom gongen om dêr te dûsen. Stipt om acht oere wienen wy wer by it restaurant wêr't no ús iten al klearstie. Wy hienen it de dei fan te foaren mar alfêst besteld, sadat se der rekken mei hâlde koenen. Yn de tuskentiid koa de man fan de resepsje de rekken meitsje, dy letter wer net goed wie. Se hienen nammentlik it iten wol yn rekken brocht, wylst wy dêr in ôfspraak oer hienen. It koe mar net op mei de yrritaasje, dat begripe jim fêst wol. Wiebren rekkene de man de kosten foar en betelle, wylst ik yn it gasteboek skreaun haw. Net in al te best ferhaal, dat se soenen wol nuver opsjen at se it lêzen. Doe gau nei de auto en fuort... tochten wy. De auto woe net mear fan it plak en like wol kompleet blokkearre. By it efterútriden sloech er dan ek ôf en woe by de tredde kear al net mear starte. Sjit, no woenen we graach fuort en stean we boppe-op in berch fêst. John (de man fan it reservetsjil) en Wiebren kamen doe ta de ûntdekking dat it probleem foar in diel by de akku siet. Al it akkuwetter wie hast op, dat John moast rjochting stêd om akkuwetter te heljen. Neffens himsels in putsje fan in tweintich minuten, mar nei in oere wie er wer werom. Wy hienen yn de tuskentiid mar wat lêzen en omhongen, swier yrritearre trochdat wy no net op tiid fuort koenen. Hawar, John geat wat akkuwetter yn de auto, mar nee, de auto woe net mear starte. De sân oare manlju dy't no om ús frachtwein stienen hienen ek allegear in miening, hoe't de auto it best reparearre wurde koe, mar de diskusje waard ôfbrutsen troch in dikke tongerbui. It wetter kaam mei bakken út de loft setten en de trep nei ûnderen feroare yn in wetterfal. Ik seach it op dat stuit alhiel net mear sitten, want de dyk nei it doarp wie sûnder wetter al glêd en ûnbegeanber genôch, lit stean mei in bui dy't wol in oere oanhold. Nei in trije kertier wachtsjen, koenen wy wer oan it wurk. In oare akku yn ús auto sette, sûnder sukses, foefkes úthelje ek sûnder resultaat. John moast wer nei de stêd om in monteur op te heljen. Wiebren draait noch in pear kear oan wat knopkes en wûnder boppe wûnder docht de auto it dan ynienen wer. As lytse bern sa bliid, besykje wy doe wer ris efterút te riden. Nee, noch altyd sa fêst as in muorre. Wiebren wurdt út de auto lutsen en ik moat efter it stjoer plak nimme, omdat se tinke dat ik better ride kin. Ek my slagget it net, ik wit rjochter eftertsjil allinnich mar djipper yn it weake sân te draaien. Dan betinke de mannen dat we mar mei syn allen drukke moatte om de eftertsjillen yn beweging te setten. Drukke as hinge ús libben derfan ôf, mar gjin beweging yn te krijen. Dan betinke wy dat it miskien oan it ferfongen tsjil leit en komt in learling monteur yn aksje. Dit wie in ‘bingo' want yndie, it eftertsjil siet der skean omhinne, wêrtroch de hiele auto net mear ride woe. De bân is de goed omsetten en jawis, ik koe wer efterút ride. In dik fjouwer oeren letter as yn gedachten en in pear tûzen Kwacha earmer koenen wy doe nei ûnderen ride. De dyk wie snotteglêd en bêst gefaarlik, mar wy hawwe it rêden. Ûnderweis kamen wy John en de monteur nocht tsjin, dy't nuver opseagen doe't sy ús riden seagen. Fan John hawwe wy ôfskied nommen, de monteur koe wer nei hûs. Mei de lokale houtsnijers hawwe wy noch ûnderhannele oer wat houtsnijwurk. Wy hawwe in protte húsrie ferhannele, dat wy wienen bliid dat ús bagaazje wer wat minder waard. Healwei twaen kamen wy doe yn Nkhata Bay sels oan en koe ik nei de winkel om bôle en soarge Wiebren dat der in man mei in grutte fytspomp de autobannen wer wat byfolde. Alles wer ynoarder en wy koenen nei Nkhotakota ride. Ûnderweis mar wat ite (Wiebren smart de broadsjes, ik yt se meastentiids op) en wer fiif kear de motorkap omheech omdat de auto net meiwurkje wol. Hy hat er in hantsje fan om dit op de meast ûngelokkige mominten te dwaan. Sa stienen wy bygelyks stil by in polysjekontrôle. Ik haw der aardich tsjinoan riden, mar dochs kamen wy pas tsjin seizen yn Nkhotakota oan. Daliks iten bestelle en ús tassen nei de keamer bringe. In start meitsje mei it ynpakken en in hapke ite om dêrnei wurch al it oare guod yn te pakken. Wat in dei.... |