|
Hjoed is eins in opstart foar ús weromreis nei Nederlân. Wy moatte wer yn Lilongwe sjen te kommen om fan dêrút op it fleantúch te stappen. Ek hjoed wienen wy der net al te let by. De taken wienen goed ferdield, dat wol sizze dat ik meastentiids it moarnsiten klearmeitsje en Wiebren soarget dat hy opstart. Sa ek ús auto, dy't ferwûnderlik it yn ien kear die. No ja, wy hienen juster de boel al wol wat oandraaid, dus echt út himsels wie it net. Nei't Wiebren syn skuon fuortjûn hie en Rose, har lytse broerke en har dochter ek ynstapt wienen, koenen wy fuort. Ik hie yn it foar it swit al ûnder de earmsholten stean, want it hie de hiele nacht reind en dus soe it dykje wol wer raar glêd wêze. En yndie, wy glibberen alle kanten op, mar hawwe it ein fan ús lêste ‘dirtroad' helle. Rose fertelde dat de foarige kear dat ik myn antislipkursus yn de lytse auto ôflein hie, sy mei in 4x4 op itselde plak fêst sitten hienen. Haw ik dus net oerdreaun yn myn ferhaaltsjes. Underweis hawwe wy gesellich mei Rose prate kinnen oer ferskillen tusken Malawi en Nederlân. Rose hie hjir, yn tsjinstelling ta in protte oare Malawianen, wol in útsprutsen miening oer en wie it mei ús iens dat it gâns oars moat at Malawi yn de takomst foarút wol. Tige ferhelderjend om it ek ris fan in lokaal persoan te hearen. Fierders hienen wy ûnderweis gjin problemen, mei ek omdat wy fansels trije donkere minsken op de efterbank sitten hienen. Yn Lilongwe hawwe Rose en de bern derút setten en binne wy sels wer nei de Korea Garden gongen. Hjir waarden wy mei segrinige hollen ûntfongen, wat wol aardich gewoan is yn Lilongwe. Wy binne it net wend fan de minsken hjir yn Malawie, mar ja. Wy hawwe mei in wat mear freonlike meiwurker al ús rotsoai út de auto helle om it foar ien fan de lêste kearen te sortearjen. Wiebren en ik wienen it deroer iens dat wy wat kilo's tefolle by ús hienen en hawwe op it lêste momint dochs noch mar in pakketsje gearstald. Alve kilo mar leafst en de minsken thús moatte noch efkes op harren kadootsjes wachtsje. De frou by it postkantoar hie ek hast in hernia fan it tillen, mar koe it noch krekt rêde. By de ferkeapers dy't foar it postkantoar sieten hawwe wy in skoft oan it ûnderhanneljen west, om ús lêste klean en rotsoai te ferhanneljen. Wiebren hie der in stoel by pakt en rekke aardich yn diskusje mei de mannen. Lokkich mar, want ik hie al lang útpraten west, sokke hege prizen fregen se. Wiebren hat it nei trije kertier foar inoar krigen dat wy minder as in tredde fan de priis betellen en de mannen noch wat pennen fan ús krigen. Op dat stuit begûn it ek krekt goed te reinen en wie ik bliid dat wy de auto wer ferride koenen rjochting ‘shoprite' en bank. By de bank woenen wy nammentlik wat euro's foar dollars wikselje, mar doe't wy in skoft yn de rige stien hienen, fertelde de frou dat dit net koe at hja net lid wienen fan de bank. Hoe sa net? Wy nei de manager ta. Nei in pear kear kloppen op de doar stoarmen wy nei binnen en hawwe wy de sitewaasje útlein. De man seach gjin inkeld probleem en skille mei ien fan de balymeiwurkers. Wy wer yn de rige om itselde ferhaal te krijen doe't wy oan de buert wienen. Ditkear koenen wy de meiwurker rjochting de direkteur stjoere en sadwaande koenen wy úteinlik dochs noch jild wikselje. Fier nei slutingstiid ferlieten wy de bank. Op nei de ‘shoprite' om wat fretterij yn te slaan foar ús weromreis. Wy hienen in aardich skoft wachtsjen op Nairobi yn it foarútsicht, dat oan koekjes, sjips en drinken net te min. No ja, Wiebren hat it prestearre om in flesse ranja yn te slaan, sels nei't ik fiif kear sein hie dat it net sa út de flesse te drinken wie. Wy hienen neat om de ranja mei te mjuksen, dat hawwe úteinlik de flesse fuortsmite moatten. Us lêste Kwacha's hawwe wy by de ‘Hungry Lion' útjûn oan hin en patat. De hin wie kâld, mar fierders wie it bêst iten, neat mis mei. Noch efkes lâns it tankstasjon om ús frachtwein noch ien kear fol te jitten en wer nei ús hotel werom om it lêste guod yn te pakken. Wiebren haad kadootsjes, iksels foar al it oare guod. It fernuvere ús dat úteinlik alles sa kreas ynpakt siet, dat wienen wy net mear wend. Heit en mem skillen noch efkes om de lêste stân fan saken te fernimmen en dêrnei wienen wy ta oan in bad. It die bliken dat der gjin stop yn it bad siet, dat Wiebren hat efkes by de man fan de resepsje it probleem oankaarten. Dizze liet witte dat der moarn in leadjitter komme soe en dat hy der dan efkes nei sjen soe. Wer in konfrontaasje mei de Malawiaanske kultuer. Of Wiebren net in dûs nimme koe? Lokkich hie ik yn de tuskentiid noch in stop opdjippe út de tas en koenen wy dochs noch yn bad. Mei in reade holle fan it waarme wetter noch in stikje ferhaal skriuwe en doe op bêd om alfêst wat sliep te pakken foar ús lange lange reis fan moarn. |