Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
De weromreis Lilongwe-Nairobi-Amsterdam-Snits-Grins PDF Print E-mail
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
10-01-2007

Sneon en snein 6 en 7 jannewaris 2007

Wy hienen al wat sliep nedich hân, mar eins stie it hurde bêd ús wat yn it paad. No lizze wy thús ek net mei de billen op de grûn kwa bêd, mar dit gong wol wat al te mâl. Ik ferwachte fan ‘e moarn by it optillen fan it ûnderlekken dan ek in tin matraske op in hurde planke te finen, mar neat wie minder wier. In matras sa dik as wat en net te huffen. In goede kwaliteit dus, mar net makke foar ús Fryske rêgen.

 

It moarnsiten gie wat better. Wiebren wie eins net sa mislik en prestearre it om in bakt aai fuort te wurkjen. Ik fernuvere my hjiroer, mar sa'n trochitende Wiebren soarget der by my ek foar dat it my bêst smakket.

 

Doe't wy om goed acht oere doe mei bagaazje en al yn de auto sieten, woe dizze ek starte, dat it gong mar fan in leien dakje. De diken wienen rêstich, meinamen troch it waarm tink ik. It reinde wer best, dat by ús ôfskied fan Malawi gûlde it út de himel. Iksels haw doe noch gjin trientsje litten, mar hie fansels al in dûbel gefoel.

Op it fleanfjild seagen wy famylje Ploeg ek wer werom. Allen noch yn goede sûnens, mar se hienen 6000 kilometer riden. Wiebren en ik seagen inoar oan en wienen it sûnder wurden iens, dat dit dochs gekkewurk west hat. Se hawwe yn trije wiken eins dus neat oars dien as yn de auto sitte, hja moatte it mar wolle. Wy wienen tefreden mei ús 2400 kilometer en dat wie al oan de drokke kant neist. Wiebren en ik koenen der eins letter ek net oer útpraat reitsje.

Doe't wy om njoggen oere ynchecke koenen, sprongen wy in gat yn de loft doe't de mjitter fan de bagaazjebân in 39,5 kilo sjen liet. Dit hienen wy mar best ynskatten en beide wienen wy ek tige bliid dat wy in pakketsje opstjoerd hienen en de tinte, needlamp en guon oare swiere dingen yn de hânbagaazje dien hienen. De tassen waarden op de bân setten en ferdwûnen efter in skerm. Se soenen daliks trochstjoerd wurde nei Amsterdam, dat wy hienen der gjin omtinken mear oan.

Nei in skoftke wachte te hawwen, waarden wy oproppen om troch de kontrôles te gean. Foar de sjo stienen der wat deteksjepoarten, mar dizzen stienen net oan. Nee, dit kaam omdat der gjin bakjes op de rinnende bân beskikber wienen, wêrtroch de minsken harren klokjes, tillefoanen, brillen, riemen en oar sokke saken net kwyt koenen. Eltsenien hold dit soarte fan saken yn de hân, sa ek ik. Ik rûn troch de poarte hinne en hear Wiebren yn myn ear razen dat ik myn tillefoan noch fêst haw en dat it sa net kin .... en .... en gean sa mar troch. Alle minsken fansels ús kant op sjen, dat ik skamme my al dea. Wiebren hie sels ek in moai publyk feroarsake doe't syn pinne, dy't hy mei de sinnebril sûnder bakje derûnder op de rinnende bân lein hie, tusken de bân en it draaimeganisme kaam, wêrtroch de ienige wurkjende rinnende bân op it fleanfjild fan Nairobi no stikken gong. Bûten wurking steld troch Wiebren syn aksjes, moast hy en in man fan de dûane no mei de holle yn it apparaat om de pinne op te sykjen. ‘Boontje komt om zijn loontje?'

Nei de rinnende baan waard eltsenien fouilleard (omdat de poarten net wurken) en ek alle tassen waarden neisjoen. Wiebren wie mei syn lytse taske al lang troch, doe't ik noch by de frou stie mei en de itenstas en de grutte laptoptas mei alle rommel deryn. De frou moast al laitsje om wat wy allegear by ús hienen, mar doe't ik útlei dat wy yn Nairobi lang wachtsje moasten, koe se it wol begripe.

It tastel fan Kenia Airways wie moai en hie lúks wêze kinnen. Elts hie in eigen televyzjeskermke, mar Wiebren syn lûd die it net, iksels hie mar ien earstikje dat wurke. Yn Lusaka hawwe wy in dik oere stilstien om by te tanken en doe binne wy fierder flein nei Nairobi. De reis duorre al mei al in dik fiif oeren.

Op it fleanfjild fan Nairobi wie it oergryslik drok en binne Wiebren en ik daliks nei de ‘lounge' fan Kenia Airways en de KLM gongen. In grutte seal mei banken, stuollen en taffeltsjes, wei fan de drokke gongen, de minskemassa en it leven. Wy hawwe mei it triedleas ynternet noch efkes wat ferhaaltsjes op de side setten en fierder drok oan it skriuwen west.

Om sân oere koenen wy wer ynchecke, al moasten wy hjirfoar wol wer nei de grutte hal ta. Dit hienen se ús net goed útlein, dat yn de hal oankommen moasten wy efter yn de rige oanslute en seagen wy de famylje Ploeg mei in Martine yn triennen ek wer werom. It die bliken dat se net mear neist inoar sitte koenen, omdat der yn Lilongwe in fout makke wie.

Ek wy koenen net mear neist inoar sitte, mar hienen frege of wy dan yn rigen efter inoar sitte koenen. Dit makke de kans om te ruiljen wer wat grutter.

Doe mar wer werom nei de ‘lounge' wêr't wy om njoggen oere oproppen waarden om troch de kontrôles te gean. Hjir wie no neat oan de hân, Wiebren syn pinnen kamen moai yn in bakje en de bân waard sa net blokkearre.

Om kertier oer tsienen koenen de ‘griene stikkers' (lês wy dus) it fleantúch yn. By it rútsje fan de rige wêr't ik yn siet, siet wat in alternative man mei in grutte koptelefoan op. Nei in pear gebaren fan myn kant sette hy dizze ôf en koe ik myn fraach stelle. De man wie wol ree om te ruiljen en sa koenen Wiebren en ik lokkigernôch dochs noch neist inoar sitte. Net oan it gongpaad (ús favo plakje) mar dat hindere neat.

It tastel (in 777) fan de KLM wie tige lúks. Elts hie wer syn eigen televyzje en yn de sydkant fan de stoel siet in ôfstânsbetsjinning. Hja koenen kieze út film, muzyk, tillevyzjeprogrammas en spultsjes. Dan hold it noch net op, want ûnder elts menu stie dan wer in kar oan genre en dernei wer in list mei bygelyks dramafilms wêr't hja dan út kieze koenen. Oerweldigjend nei fjouwer moannen Afrika. Minsken kinne har om in protte dingen drok meitsje yn sa'n fleantúch en sjogge foarby oan wêr't it eins werklik om draaid.

Tusken de tukjes troch haw ik wat programma's besjoen en hawwe wy boppedat hearlik iten hân. Ik kin net oars sizze, mar dit wie it bêste fleantúch iten ea. It komt fansels wol op nuvere tiidstippen (tolve oere nachts en fjouwer oere moarns), mar ek dat heard derby.

Wurch, mar sûnder geharrewar kamen wy foar op it skema oan op Schiphol. Earst dêr mar nei it húske om de tosken te boarsteljen, wat wetter tsjin de holle oan te smiten en wat rûkersguod ûnder de earmsholten te spuitsjen. Hja fiele hja altyd smoarch nei sa'n reis en wy woenen it net op ús gewisse hawwe dat heit en mem daliks fan harren stokje gean soenen op it momint dat wy troch de doar kamen.

By de bagaazjebân oankommen, kamen ús trije tassen al ridlik gau fan de bân ôf  Noch efkes troch de dûane en doe troch de doar, wêr't wy ferwolkomme waarden troch heit, mem en Fedde mei in grut spandoek. Wat in ferrassing!

Mei syn fiven hawwe wy doe efkes in kopke kofje of tee dronken en doe binne wy nei de auto gongen. Mem hie in moaie jas foar my kocht, mar it die bûten oankommen suver waarm oan. De oergong wie minder grut as dat ik tocht hie. Noch neigenietsjend fan ús waarme wolkom koenen wy mar mei muoite de eagen iepen hâlde yn de auto, mei ek omdat it noch sa tsjuster wie. Myn blaas hold my derom wol út de sliep en ik hie tocht dat ik traind wie om lang it wetter op te hâlden, mar moast in trije kertier foar ús oankomst yn Snits dochs freegje of heit de auto efkes lâns de kant fan de dyk sette woe. It earste wat ik doch yn Nederlân is dus wyldpisje, soe it in foarteken wêze?

Yn de auto fertelden heit en mem ek dat Marloe dea wie. Dêr wie ik fansels al fertrietlik om, mar moast mei de triennen yn de eagen ek wol in bytsje laitsje om it ferhaal, wat mem moai wist te fertellen. It kaam derop del dat Marloe in tige beste fersoarging hân hat, syn hiele libben nammers, mar meinammen de lêste wiken fan syn libben. No hat er in moai plakje by de Arke.

Yn Snits hawwe wy doe earst in kopke tee mei in broadsje hân en binne doe ûnder de dûs stapt om noch frisser te wurden. It die ús beiden goed en it waarme wetter hie ek de sliep wat ferdreaun. Sa koenen wy sûnder muoite Fedde, Henriëtte, Eva, Jesse en Imre ûntfange en wie Wiebren alwer op dreef mei syn ferhalen. Letter kamen ek Wiebren syn heit en mem en hawwe wy noch gesellich in kopke sop iten.

Yn de Kia wer werom nei hús, mei alle blommen, bakjes mei iten en fruit en ús eigen bagaazje yn de kofferbak. Wiebren ried en dêr wie ik wol bliid om, no wienen de rollen wer efkes omdraaid.

Op de Concordiastrjitte kaam it der ek goed yn mei dank oan Marcel en Marjan, dy't op ús húske en fisken past hienen. De kachel mar wat omheech en it guod útpakke. Wask by de wask, it kampearguod wer yn in grutte koffer ensafuorthinne. Ek de pakketten hawwe wy iepen makke. Spitigernôch binne der wat dinkjes stikken gongen en moatte wy earst oan de gong om alles wer te herstellen.

Jûns in stikje bôle ite en noch wat foar de televyzje hingje. Op dat stuit fleach it my wat oan, want Wiebren moast de oare deis fansels alwer oan it wurk en ik foel yn it gat tusken ko-skippen/studzje en reis en it sykjen fan in baan en oan it wurk. Wiebren wie de rêst sels en hat my wer wat bedarje kinnen. It sil ek wol troch de wurgens kommen wêze, want doe't wy om kertier foar njoggenen yn ús bêdsje stapten wienen wy beiden samar fuort. Yn koma slute wy de Afrika aventoeren ôf
< Foarige   Oare >