Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
In goed wike nei thúskomst PDF Print E-mail
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
16-01-2007

Tiisdei 15 jannewaris 2007

 

 

Om ús tradysje yn stân te hâlden (in ôfslutend ferhaal nei in lange reis) bin ik it paad nei de kompjûter noch mar ris ynslein. Ik moat earlik sizze, it is al wat nuver om no de deistige gong fan saken te beskriuwen fan út de Concordiastrjitte. De belibbenissen dy't wy hjir hawwe lykje ynienen sa gewoan en net it beskriuwen weardich. Dochs in koart ferslach fan de ôfrûne wike.

 

Sa't ik al ferteld hie, sloech de stimming yn myn gefal wat om by thúskomst yn Grins. De sneins fleach it my oan. Wiebren soe ommers syn taken op it wurk wer oppakke en ik ... wie wurkleas. It net hawwen fan in dúdlik doel yn it libben, makket it der net makliker op. No is it sykjen fan in baan fansels ek in doel, mar jim witte, at hja Jacoba Corneliske hjitte, dan hâlde hja net fan ûnsekerheden. It soe foar my in stik makliker wêze de tiid op te foljen yn in ôfbeakent skoft, as gewoan mar wat omhingje, foar ‘ik wit net hoe lang.'

Hawar, moandei wie der al wurk oan de winkel, want ik moast as de bliksem nei de fakulteit om de papieren yn oarder te meitsjen. It die bliken dat myn oanfraach foar de bulútrikking net goed gongen wie, dat it spande derom of ik soe net mear ein dizze moanne ôfstudearje kinne. Nei't ik in pear kear op besite west hie by de regelmefrou, sy my nei ferrin fan tiid wol aardich fûn en wy it der beide oer iens wienen dat it wol tige mâl gean soe, soe it barren om ien feltsje papier oergean, liket it der no op dat ik de lêste tongersdei fan dizze moanne dochs myn papierke ophelje kin. De klinyske les en ek myn staazje yn Malawi binne nammers goed besifere.

Lang koe ik net stilsitte moandei, want tusken de middei skille Fedde mei de tip dat der yn it Fean fakatueres op de earste help wienen. Daliks mei de mefrou fan de P&O skilje om te freegjen hoe't it siet. Ik koe myn CV en sollisitaasjebrief opstjoere en dan soenen sy wol fierder sjen. Bliksem, hoe moatte wy dat no hawwe. Ik kin wol ridlik in ferslachje op papier sette at it in (fakânsje)aventoer oanbelanget, mar in sollisitaasjebrief is fansels oare koeke.

Jûns mei Wiebren oan de gong en de helptroepen út Easterein ynskeakelje. De oare deis koe de brief en de CV elektroanysk ferstjoerd wurde. Ik haw noch neat wer heard.

De rest fan de wike haw ik eins trochsocht nei fakatueres. Yn it noarden liket it der net echt op, dat wy geane de kommende tiid mar foar de ‘iepen' rûtes.

Sneon wie it tiid foar ús ‘anti-bilharzia-pil'. Trije stiks elts om de potinsjele wjirmen út ús liif te ferdriuwen. Wy hienen de pillen noch mar krekt efter de kiezzen of beide waarden al beroerd. Ik bin daliks mei in spuibakje op bêd gongen, Wiebren hat it sjoernaal fan acht oere noch útsjonge kinnen en is doe ek mar op bêd gongen. Lokkich oerfoel de sliep (ek in bijwurking) ús en hawwe wy mar leafst tolve oeren sliepen. Sneins wienen wy beide noch wol min, mar alwer in stik better as dy sneontejûn.

No ja, fierder bin ik om de dei oan it sporten, binne Marcel en Marjan juster op besite west en is Wiebren drok oan it wurk. It hús wurdt mominteel troch my ûnder hannen nommen, de fisken hawwe in ‘winterdip', dat jim hearre it, it is komkommertiid yn ‘Huize Santema-Tjerkstra'. Derom as ôfsluter fan dit ferhaal ús dank oan alle minsken dy't troch ús side en ferhalen mei ús meilibbe en miskien ek wol in bytsje meireizge hawwe. It hat ús goed dien!

In hiele dikke tút, nee better noch, in pear dikke tuten as kompensaasje foar de misse tuten fan de lêste trije wiken,

Wiebren en Jacoba

 

Lêste Fernijing ( 27-06-2007 )
Oare >