|
Zambia, South Luangwa National Park, tiisdei 26 desimber 2006 |
|
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra
|
|
28-12-2006 |
|
Nei net sa'n beste nacht draaid te hawwen (hurd bêd, grif ek wat senuweftich foar de grutte reis en net te ferjitten de oanhâldende rein op it izeren dak) waard Wiebren fan ‘e moarn fansels wer beroerd wekker. Mislik, oan de skiterij, it âlde ferhaal. Oan de iene kant wol sneu, oan de oare kant stiet dit ek garant foar grutte yrritaasjes by my. Alles giet wol tsien kear sa stadich, Wiebren suchtet hiel wat ôf, der wurdt tsjin eltse doarpost oanhinge en it hichtepunt is fansels it moarnsiten. Lokkich wie dit diskear yn buffetfoarm, dat wy koenen sels kieze wat wy hawwe woenen. |
|
Lês mear...
|