Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
Liwonde, freed 22 desimber 2006
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
25-12-2006
Moarns om kertier foar fiven rôp Jacoba har tillefoan fan kukeleku en dus moasten wy sliepperich at wy wiene fan bêd. In pear koekjes en wat fruit wie it ienige dat wy doe efter de kiezzen krije koene dat om healwei seizen sieten wy al by de resepsje.
Lês mear...
Liwonde, tongersdei 21 desimber 2006
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
25-12-2006

Jacoba hie de hiele nacht net goed sliepe kinnen, sa senuweftich wie se foar de reis fan it plato ôf. De hiele nacht hie it nammentlik reint en dus wie se bang foar glêde diken yn kombinaasje mei in steile helling en djippe ravinen. Ut bêd kommen die bliken dat it allegear wol tafoel. Yn de oeren dêrfoar hie it droech west en wie it measte reinwetter al wer fuortsakke. Nei in brochje besteande út net al te frisse bôle mei nútsjesmoar koene wy dan ek wer op paad. Ik ha de man dy't de auto wasken hie betelle en dêr gongen we. No ja, de auto moast earst noch starten wurde en dus moast de motorkap omheech. Yn trije Havo hie ik leard dat wetter geleid en dus tocht ik in stroomferbining meitsje te kinnen troch in bytsje wetter oer it kontaktpunt mei de akku te jitten. No, dat ha ik witten. Reekwolkjes en stank wiene it gefolch en dus moast der in oare oplossing komme. Dizze wie gau fûn en sadwaande koene wy dochs op ‘en paad.

Lês mear...
In dei fan in protte yndrukken
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
25-12-2006

Zomba, 19 desimber 2006

 

Hjoed wie, sa't de titel fan dit ferhaaltsje ek al seit, in dei fan in protte yndrukken. Nei in ridlike nacht gongen by my om seis oere de ljochten oan. It wie bûten al ljocht, wat foar my fansels in rare gewaarwurding wie. De ôfrûne wiken moast ik nammentlik mei it ljocht op nei it wurk ta fytse en dat wie pas om in oere of healwei achten.

Lês mear...
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Oare > Lêste >>

Útslagen 17 - 20 fan de 121