Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
Zomba, 18 desimber 2006
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
21-12-2006

It is no healwei fiven neffens de klok rjochtsûnder op it skerm. Myn horloazje stiet lykwols noch altyd op healwei seizen. Aanst mar efkes sjen oft ik it foarinoar krij om myn horloazje wer oan te passen, de knopkes binne nammentlik nochal fersliten.

Lês mear...
Wykein yn ôfwachting fan Wiebren
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
18-12-2006

Zomba, sneon en snein 16 en 17 desimber 2006

 

 

Oer it algemien twa dagen lykas freed. Waskje, húshimmelje, opromje, ynpakke, lêze, wetter sierde, ferhaaltsjes meitsje, dingen regelje, minsken skilje ensafuorthinne. Eins hiele gewoane dingen dy't oan de komst fan Wiebren foarôf gean. Gewoan, mar dochs ek wol in bytsje nuver. Ik sjoch oergryslik út nei Wiebren syn komst en bin it hiele wykein ûngeduerich. Oan de oare kant binne it myn lêste dagen hjir yn Zomba en dêr wurde hja ek wol wer in bytsje fertrietlik fan. Dûbele gefoelens, sa't it hjir wol faker it gefal is yn Malawi.
Lês mear...
Zomba, freed 15 desimber 2006
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
18-12-2006

Net in protte bysûnders te fertellen oer hjoed. Ik bin wer werom yn myn keamer en alles kriget sa stadichoan wer itselde plakje as dat it de ôfrûne trije en in heale moanne hân hat. It is mar foar in pear dagen, mar dan sjocht Wiebren ek echt hoe't ik hjir libbe haw.

Wat ik hjoed allegear dien haw? Waskje en flessen mei wetter klearmeitsje. Ik haw wat dinkjes op de laptop ynoarder makke en it pakketsje foar it thúsfront gearstald. Tuskentroch wat lêze en opromje en om twa oere rjochting de stêd.

Lês mear...
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Oare > Lêste >>

Útslagen 21 - 24 fan de 121