|
Lilongwe, woansdei 13 desimber 2006 |
|
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra
|
|
14-12-2006 |
|
Wer in reineftige dei sa te hearren. Ik doch om healwei seizen, noch in bytsje sloech, de eagen iepen en beslút noch mar efkes lizzen te bliuwen. In heal oerke letter, fyn ik it genôch mei dat lizzen en hap ik in mango fuort. Ik wie yn de ferûnderstelling dat ik sels foar myn moarnsiten soargje moast en fûn in mango wol in goed begjin. Doe't ik dêrnei fleurich nei bûten stapte fertelde ien fan de meiwurkers my dat ik nei it restaurant moast, om dêr, ja, jim kinne it hast wol riede, aai, woarsten en patat foarsetten te krijen. Lokkich wie de ober noch net dwaande, dat ik haw him ôfhâlde kinnen fan it fleis en de jirpels en haw twa stikjes bôle mei in sean aaike iten. In kopke tee en in boekje derby, it wie suver smûk. |
|
Lês mear...
|