Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
Nkata Bay, Woansdei 3 jannewaris
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
08-01-2007

Omdat de nylhoarzen fan ‘e moarn betochten om rjocht neist ús ferbliuw it gêrs fan de grûn te skuorren en sy dit echt net súntsjes dogge, wienen wy betiid wekker. Eins doarden wy net goed nei bûten, mar dat kaam ek in bytsje troch de rein. De hiele nacht hie it bêst oan it migen west, dat it wie kâld en wy makken ús al wat soargen oer de diken. Dit earst mar út de holle sette en rjochting de dûs. Ik moast wer nei de froulju ta, omdat der no meardere gasten yn de hutsjes ferbleaunen en ik dus net meigenietsje koe fan Wiebren syn waarme dûs. Stienkâld en mei einefel wer werom nei de hut dus. Wiebren hie it nammers ek net sa lekker hân, want hoewol't hy waarm dûse koe, stonk it hok nei de húskes, dy't net mear trochspiele woenen. Wiebren sels hat hjir mei syn malariakuer ek in bydrage oan levere. Hja moatte hja territoarium al ôfskiede fan de rest!

Lês mear...
Vwaza National Park, Tiisdei 2 Jannewaris
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
06-01-2007

Moarns ier-en-betiid waard ik wekker fan de tsjirpende ynsekten en sjongende fûgels. Ik op de klok (Jacoba har tillefoan) sjen en och heden it wie noch mar fiif oere. Wy soene betiid fan bêd om mei de rangers troch it park te rinnen, mar fiif oere wie wol hiel betiid. Dat ik ha my noch mar efkes deljûn lykas Jacoba dy't ûndertusken fansels ek wekker wurden wie fan myn geskaai. In dik oere letter skrokken wy wekker want no wie it al seis oere. Yn in heal oere moasten wy ús no ree meitsje om noch op tiid mei de rangers troch it park rinne te kinnen.

Lês mear...
Vwaza Natioanal Park, Moandei, 1 Jannewaris
Skreaun troch Jacoba Tjerkstra   
05-01-2007

Eins start dit ferhaal in dei earder. Yn it foarige ferhaal hiene wy der al in bytsje op foarútrûn, want de ôfrûne nacht stûn yn it teken fan in grut nijjiersfeest. Wy, as azungu en gasten fan dizze lodge woene fansels net ûntbrekke en sa koe it dat wy om acht oere presiis op it strân sieten om fan it buffet mei te genietsjen. Wy wiene hjir net allinnich, want in taffeltsje fierderop siet in hiele klup Japanners en oan it tafeltsje links fan ús siet in Dútske frou dy't sa't letter bliik, wurket foar de Dútske ambassade. In "gesellige" klup koene wy wol sizze. Wat it feest kompleet makke wie de geweldige seleksje muzyk (mono, want de twadde boks stûn yn elts gefal bûten myn earberik) besteande út de Backstreet Boys, Celine Dion en al wat oars Afrikanen mar moai fine kinne. Ik tink dat wy net in soad nûmers folledich heard hawwe, want yn in soad gefallen sloech de CD al nei in heale minút in pear kear oer (miskien hie de CD-spiler wol in goede smaak).

Lês mear...
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Oare > Lêste >>

Útslagen 5 - 8 fan de 121