Thús

Haadmenu
Thús
Lêste Nijs
Ferwizings
Nim kontakt op
Foto's
Gebrukersmenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

Unthâld my
Kaaiwurd ferjitten
Teller
Besikers: 188309
Nkhotakota, sneon 30 desimber 2006
Skreaun troch Administrator   
03-01-2007
Wy hiene ús foarholden om hjoed in rêstige dei te hawwen. Gjin gedonder, gewoan lekker op it strân omhingje. Mar faaks rint it oars. Moarns hawwe wy lykwols lekker útsliept. Der wie gjin wekker om ús út de sliep te heljen en dat betsjutte dat de lûken pas iepen gongen om kertier oer achten. Doe ûnder de kâlde dûs, want ek al hawwe wy in aparte knop foar waarm wetter, waarm is it wetter alderminst. Hjirnei in stikje bôle en wat mango en de fize wask selektearje op útbesteegje of sels dwaan. De grutte dingen dogge wy net sels, mar foar in pear sokken of in lyts shirtsje draaie wy ús hân net om. Ik krige myn eigen klean, Jacoba de harre. Ek al koe ik folle hurder, Jacoba har klean wiene earlik wier folle skjinner.

 

 

Lês mear...
South Luangwa National Park, freed 29 desimber 2006
Skreaun troch Administrator   
03-01-2007

Jasper en Suba hawwe ús frege oft wy harren de oare deis meinimme koene nei Chipata omdat bliken die dat de auto dy't sy hierd hiene (Suba neamde it altyd in véhikel) ien grutte ramp wie. Net allinnich hie dizze harren al tolve kear stean litten, boppedat wie by it ôfrekkenjen fan de benzine nei foaren kommen dat de auto ien op trije ried.

Lês mear...
South Luangwa National Park, tongersdei, 28 desimder 2006
Skreaun troch Administrator   
03-01-2007

 

De hoanne wie der fan ‘e moarn wer betiid by. Kertier oer fiven hienen wy him besteld en ja hear, net fan Amerikaanske makelerij, want stipt op tiid. Wiebren hie wat better sliepen en koe sawier wat koekjes fuort wurkje. De klean wienen ek wer gau oanstrûpt en om de holle feie nimt ek net de measte tiid. Dit wie mar moai ek want om kertier foar seizen kaam John freegjen of wy der klear foar wienen. John? Ja, dit hat efkes wat útlis nedich. John en JJ binne twa Zambianen dy't gids binne foar Suba (in Srilankees dy't yn Nederlân wennet) en Jasper, dy't gewoan út Nederlân komt en mei Suba troud is. It stel út de rânestêd siet neist ús yn in selde legertinte en hie fernommen dat wy net sa te sprekken wienen oer it selsskip dat mei ús op safari wie. Sy toerden mei John en JJ troch Zambia en wienen grif ta oan wat oar selsskip en hienen ús dêrom meifrege op harren prive-safary. Wy fûnen it mar wat moai fansels en wienen ree om dit aventoer oan te gean.

 

 

 

 
Lês mear...
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Oare > Lêste >>

Útslagen 9 - 12 fan de 121